Junioaren potensjieel kaam der einliks út
V en V A1 – Rodenburg A1 – 15 – 9
Wy begongen de wedstriid mei in soad nocht. Allegearre hienen wy der sin yn en woenen wy der fol tsjinoan. Klaas Jan koe net oanwêzich wêze, dat hat Anneke Hoekstra ús coacht. Yn de oanfal begongen Peter, Taede, Anne en hester. De ferdiediging bestie út Jelmer, Pieter, Berber en Anja. Nei in mislukte oanfal miinde dat Rondenburg fuortdaliks de skoare iepenje moast. Dit fansels nei alle frustraasje, dat Taede hie hjir in moai antwurd op. Hy lokte in strafworp út en lei him der moai yn. Nei de fakwiksel makke Pieter fuortdaliks wer in goal sa dat it tempo der moai yn siet. Ek Anja hie der sin yn en lei de 3-1 der yn troch middel fan in trochrinbal. Nei wer in fakwiksel lokte Taede wer in strapworp út en lei him der wer yn. As dit net genoch wie skoarde hy ek noch in ôfstânskot, sadat de stân op 5-1 kaam. Mei wer in fakwiksel skoarde pieter twa fan ôfstân. Hy brocht de skoare op 7-1. Toen wy de twadde frije bal kriegen op de stip en dit kear wol 2,5 meter fan elkoar of stienen, makke Hester prima it frije baltsje ôf. Oant no ta gie it best, mar it stagneerde oan de ein fan de earste helte. Der waar net mear genoch frijrûn en it spul waar net mear herkend. Dit strafte Rodenburg dan ek ôf mei de 8-2 middels in frije bal fanôf de stip. Mar dat wie noch net alles. Dernei skoarden sy noch twa kear fan ôfstân, sadat de stân op 8-4 kaam. Toen fluitte de prima liedende skiedsrjochter ôf foar de rust.
Nei in pear bemoedigjende mar ek konfrontearende wurden begongen wy oan de twadde helte. Fanút in stilsteand spul sûnder spylmooglikheden tocht Taede dan mar te sjitten, wêrtroch de stân op 9-4 kaam. Ek Peter fûn de koer feilloas mei in prachtig ôfstânskot. Ek Pieter fûn de koer en makke in lytse kâns en Taede skoarde noch in útstarter. Mar yntusken hie Rodenburg ek noch in pear skoart wêrtroch de skoare op 12-8 kaam. Alwer miinde Taede in strapworp krije te moatten en ja hjer, dizze lei hy der ek feilloas yn. Dernei makke Taede noch in gelokje fan in trochrinbal, sadat de stân op 14-8 kaam. Toen kriegen wy wer ien tsjin, werop Jan Jacob fanút de úthoeke fan it fjild in machtig súver goal skoarde. De einstân wie 15-9.
Gearfet, in moaie wedstriid fol skoares, mar gjin spektakulair spul. Nije wieke sille wy optrede tsjin Asko A2 út, wêrfan wy yn de oefenwedstriid ferlern hawwe, mar wat seker net wer hoeft!
Skoares: Taede 7, Pieter 4, Anja, hester, Peter en Jan Jacob 1