Bijzondere leden vergadering

De besteande statuten fan ús klup binne noch fan 1979 en binne, krekt as it derop basearre húshâldlik reglemint, op dit stuit echt ferâldere. It bestjoer hat mient, en dat is ek al op de ledegearkomste fan 20 april 2012, nei foaren brocht, dat we it modelreglemint fan it KNKV ûnferkoarte oernimme kinne.

Derby sille we de grûnslach fan de feriening, sa as dy stiet yn kêst 4 fan de besteande statuten, meinimme moatte nei de nije statuten. Dy grûnslach kin allinne mar wizige wurde yn in fergadering wêr’t  alle leden oanwêzich as fertsjinwurdige binne en dan moat ek noch elk foar wêze. Ek omdat der gjin reden is foar feroaring fan de grûnslach sil de tekst fan kêst 4 yn syn gehiel opnommen wurde yn kêst 3 fan it KNKV-model.

De tekst fan sawol de besteande statuten as dy fan it KNKV-model (mei deryn oerbrocht de grûnslach, sa as beskreaun hjirûnder binne hjir finen.

Oer it feroarjen fan de statuten is advys frege oan in notaris.

Graach eventuele fragen, opmerkings, foarstellen ta oanpassing ensfh. rjochtsje oan “voorzitter@venv.nl”.